Himpkwekerij H´fean oprôle

14 maaie 2008 - 09:34

De plysje hat tiisdei op It Hearrenfean in himpkwekerij oprôle. Der wie in tip binnenkommen dat der yn in gebou oan de Vermaningsteech in kwekerij sitte soe. Yn it gebou fûnen de aginten yndie in kwekerij mei in lytse 100 planten en mear as 200 stekjes.

Alle apparatuer en de planten waarden yn beslach nommen. De hierders fan it gebou, twa ynwenners (23) fan It Hearrenfean, moasten mei nei it plysjeburo. Sy krigen prosesferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)