Himpkwekerij fûn op De Harkema

10 nov 2006 - 16:25

Yn in loads oan de Bolster op 'e Harkema is freedtemiddei in himpkwekerij ûntdutsen. Yn in nij pân op bedriuweterrein Quakkenburg wie in aparte loads makke mei dêryn hûnderten himpplanten.

In diel fan de planten wie al klear foar de ferkeap. In ôffalferwurker sil de planten út de loads helje en ferneatigje. Der wiene gjin minsken yn it gebou op it momint dat de kwekerij ûntdutsen waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)