Himpkwekerij fûn nei brân

20 apr 2013 - 10:31
  • Plysje en brânwacht by de wentebrân yn Frjentsjer

By in wenningbrân yn Frjentsjer hawwe plysje en brânwacht freedtejûn nei de brân in himpkwekerij oantroffen. De brân wie yn in wenhûs oan de Severander. Nei it blussen fan de brân waard op souder in himpkwekerij fûn mei sa'n 130 planten. De kwekerij krige stroom bûten de meter om.

De bewenner (36) waard oanhâlden en ynsletten foar neier ûndersyk. Der komt ek noch neier ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. It is noch net bekend oft de himpkwekerij ek de oarsaak fan de brân west hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)