Himpkwekerij Drachten oprôle

05 nov 2007 - 09:44

De plysje hat sneintemoarn in himpkwekerij yn Drachten oprôle. In tsjûge seach in man en in frou hennepôffal dumpen by Drachtsterkompanije. Se ha dêrnei de plysje it kenteken fan har auto trochjûn. De plysje kaam sa de kwekerij yn it hûs fan de man en de frou op it spoar.

Op de boppeferdjipping stiene 120 plantsjes. De planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)