Himpkwekerij De Lemmer oprôle

14 mrt 2013 - 11:56

Yn in loads oan de Houtseachmole op De Lemmer is woansdeitemiddei in himpkwekerij ûntdutsen. Yn de kwekerij trof de plysje in man, dy't besocht út te naaien, mar hy koe dochs oanhâlden wurde.

Yn de kwekerij stiene 272 planten en in lytse 700 stekjes. Alle planten en apparatuer binne yn beslach naam. De fertochte sit fêst foar neier ûndersyk. Foar de kwekerij waard yllegaal stroom ôftape.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)