Himpkwekerij Arum oprôle

14 mrt 2008 - 09:54

De plysje hat tongersdeitemiddei in wytkwekerij oprôle yn in wente oan de Willem Westrastrjitte yn Arum. De plysje die ûndersyk, omdat der oanwizings wiene foar in himpplantaazje. Dat kloppe want yn in sliepkeamer wie in lytse plantaazje oanwêzich fan 96 himpplanten.

Alle planten en byhearrende apparatuer binne yn beslach nommen en ferneatige. Nei de eigner fan 'e wente wurdt noch ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)