Himpkwekerij by 64-jierrige

20 des 2011 - 12:52
  • Himp

Yn Wynjewâld is moandei in himpkwekerij mei hûndert planten oprôle. De plysje hie in tip krigen. By ûndersyk yn it hûs oan de Welfingstrjitte fûnen se de kwekerij op de boppeste ferdjipping. Koart dêrfoar wie der himp ôfhelle dy't klear wie foar ferbrûk. Der waard ek yllegaal stroom ôftape.

De planten en apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige. De 64-jierrige bewenner fan it hûs is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)