Himpkweekster út Ternaard achterhelle troch dumpen ôffal

11 nov 2014 - 11:04
  • Himpkwekerij

In 28-jierrige frou út Ternaard is moandeitemoarn betiid oanhâlden foar it dumpen fan himpôffal yn in ôffalkontener yn Holwert. De plysje seach de frou rûnriden yn de haven fan Holwert. Doe't se de konteners kontrolearren, fûnen se jiskepûden mei himpôffal. By in ûndersyk yn de wenning fan de frou fûn de plysje in lytse himpkwekerij mei inkele tsientallen planten. Ek tape de fertochte yllegaal stroom ôf. By it wenningûndersyk waard ek in 32-jierrige man út Amsterdam oanhâlden. De himpplanten en de kweekapparatuer binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)