Himpens/Tearns wolle op 'e kaart

22 jul 2004 - 14:40

Pleatslik Belang Himpens/Tearns is bot teloarsteld oer de gearstalling fan de stedsrekreaasjekaart fan de gemeente Ljouwert. Op de toeristyske kaart dy't hûs-oan-hûs ferspraat is, wurde de Himpens en Tearns net by namme neamd.

By de bewenners fan de beide doarpen is dat yn it ferkearde kielsgat sketten. Pleatslik Belang hat dêrom alle stedsrekreaasjekaarten ynsammele. De kaarten binne tongersdei oanbean oan boargemaster Geert Dales.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)