Himpdroegerij Snits oprôle

05 apr 2014 - 11:16

De plysje hat freed yn in bedriuwsgebou oan de Houtdraaiersstrjitte yn Snits in himpdroegerij oantroffen. In partij fan 75 kilo himptoppen en apparatuer is dêrby yn beslach naam. Ek waard in Grinzer (22) oanholden.

De plysje krige melding dat út it pân in sterke himplucht kaam. By ûndersyk waard de droegerij oantroffen. De fertochte kaam op it momint fan kontrôle krekt mei in bestelbus oanriden. Yn de auto waard guod fûn dat nei alle gedachten mei de droegerij te krijen hat. De bus is yn beslach naam en de plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)