Himpdroegerij oprôle

03 jun 2009 - 10:19

Oan de Murkstrjitte yn Ljouwert is tiisdei in himpdroegerij oprôle. De plysje hie der in tip oer krigen. Se fûnen der fyftjin kilo oan planten en droechapparaten. Dat is allegear yn beslach naam.

Der waarden fjouwer froulju oanhâlden. Ien fan harren hie har yn in kast ferstoppe om oan de plysje te ûntkommen, mar dat slagge net. De froulju binne tusken de 23 en de 48 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)