Himpbrân yn senioareflat

08 apr 2012 - 14:31

In himpkwekerij hat op peaskesnein foar in koarte, fûle brân soarge yn in senioareflat yn Ljouwert. Der wie op it tiidstip fan de brân gjinien thús yn de troffen flatwente oan de Canadezenleane. It hiele flatgebou wurdt bewenne troch in soad senioaren. Guon moasten fanwege de reek harren hûs út.

By kontrôle trof de plysje yn de troffen wente in himpkwekerij oan. Om hoefolle planten oft it giet, kin de plysje noch net sizze. De brân wie gau ûnder kontrôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)