Himp yn Spaanske hûs Lancee

19 maaie 2010 - 10:44
  • René Lancee (argyffoto)

Yn it Spaanske hûs fan de eardere plysjesjef René_Lancee fan Skiermûntseach is in hennepplantaazje fûn. Dat meldt it televyzjeprogramma RTL Boulevard.

Lancee is hjoeddedei wurdfierder fan de partij Trots Op Nederland fan Rita Verdonk. Om dy reden is er faak yn Nederlân en ferhiert er syn Spaanske hûs. Dy hierder soe neffens Lancee de himpplantaazje begûn wêze, sa sei er tsjin de Spaanske plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)