Himp yn pleats fan provinsje

03 nov 2010 - 10:57

De plysje hat woansdei yn Feanwâlden in grutte himpkwekerij oprôle. It is mei 3000 planten de grutste fangst dit jier. Der wiene fjouwer seekonteners fol mei hennep. De kwekerij siet yn in pleats oan de Kuikhornsterweg. Der binne twa fertochten oanhâlden. Der binne twa Mercedessen en in sitmeaner yn beslach naam.

De pleats stie leech en wie twa jier lyn oankocht troch de provinsje. De pleats wurdt foar in part sloopt foar de Sintrale As.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)