Himp op folkstúntsje

22 sep 2011 - 10:47

Twa bruorren út Drachten binne woansdei op in folkstún yn harren wenplak oanhâlden foar de kweek fan himp. Op de tún oan it Noorderein hiene se in kas te stean, mei dêryn sechstjin himpplanten.

Doe't de plysje de 24-jierrige eigner oanhâlde woe, wie hy krekt dwaande mei de fersoarging fan de planten. De himp is ferneatige en tsjin de eigner fan de planten is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)