Himp fûn by ferkearskontrôle

23 sep 2010 - 10:38

By in ferkearskontrôle op de A31 by Dronryp hat de plysje woansdei goed 200 himpplanten oantroffen yn in auto. De bestjoerder hat proses-ferbaal krigen, de himp is yn beslach naam. By de kontrôle waarden 6000 auto's kontrolearre. 73 minsken krigen in boete foar ûnder oare te glêde bannen en stikkene ljochten. Goed 700 bestjoerders krigen in boete omdat se te hurd rieden. Seis frachtweinsjauffeurs waarden beboete foar te lang riden sûnder skoft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)