Himp by fertochte stekpartij

08 jan 2014 - 12:46
  • De himp is fuortendaliks ferneatige

Resjersjeurs ha woansdeitemoarn by ûndersyk 60 himpplanten fûn yn de flat fan de 45-jierrige fertochte fan de stekpartij fan tiisdeitemiddei op de Curacaostrjitte yn Ljouwert. Dêrby kaam in 46-jierrige Ljouwerter om it libben. De man is swier ferwûne oantroffen op 'e dyk en ferstoar letter yn it sikehûs oan syn ferwûnings. De fertochte koe yn Feytsmastrjitte oanhâlden wurde en sit fêst. Hy wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Freed wurdt ek seksje dien op it lichem fan it slachtoffer.

De plysje kin noch net sizze oft de drugs wat mei de stekpartij te krijen hawwe. De wyk Nijlân is foar de twadde kear yn in koart skoft negatyf yn it nijs. Twa wike lyn waard in hûn yn deselde strjitte sa mishannele dat dy ôfmakke wurde moast. Guon bewenners sizze dat de wyk der net better op wurdt. Neffens de foarsitter fan it wykpanel is Nijlân noch hieltyd in noflike wenwyk en sizze de ynsidinten neat oer it wenplezier. Wat de oanlieding wie foar de stekpartij kin de plysje noch net sizze. Wol is dúdlik dat it ynsidint mei de mishannele hûn der neat mei te krijen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)