Himp fûn nei ûngelok

27 mrt 2012 - 10:13
  • Himp

In ûngelok by Easterwâlde hat moandei laat ta de oanhâlding fan twa manlju foar softdrugs. Yn de Weperpolder wiene trije auto's opinoar klapt. In tsjûge hie sjoen hoe't dêrnei jiske-amerpûden mei himp oerladen waarden fan de iene yn de oare auto.

By it hûs fan in 51-jierrige man út Easterwâlde fûn de plysje de auto dêr it spul yn oerladen wie. Der leine noch twa pûden mei himp yn de auto. Yn de wente trof de plysje in kwekerij mei hûndert planten oan. By in 56-jierre man út Een fûn de plysje ek in kwekerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)