Himp en fjoerwurk yn Drachten

28 des 2010 - 10:07

Yn Drachten is in man fan 26 oanhâlden omdat er in himpkwekerij hie en ek yllegaal fjoerwurk ôfstutsen hat. De plysje hie in melding krigen dat út in hûs oan de Wetterwille mei fjoerwurk sketten waard.

Doe't de plysje te plak kaam bekende de fertochte dat er mei karbid sketten hie. De plysje fûn doe ek de himpkwekerij en noch oar fjoerwurk. Dat is allegear yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)