Himmelwike úteinset yn Heechterp-Skieringen Ljouwert

19 mrt 2015 - 10:50

Skoalbern binne tongersdei úteinset mei de himmelwike yn de wyk Heechterp-Skieringen yn Ljouwert. Fan 19 oant 27 maart gean hast 3000 learlingen fan basisskoallen yn Ljouwert op paad om de wyk skjinner te meitsjen. De himmelwike is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert yn gearwurking mei skoallen, Omrin en ferskate organisaasjes yn de gemeente.

Foarôfgeand oan it himmeljen wie der in grutte skjinmakaksje. Dit hâldt yn dat bern les krije oer in skjinnere en leefbere wenwyk.

De skjinmakaksje en de himmelwike wurde stipe troch McDonald's, Stichting Kulturele Haadstêd 2018 en Enexis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)