Himmeljen Boazum giet troch

15 okt 2012 - 11:02
  • Skjinmakkers dwaande mei it ferwiderjen fan asbest yn Boazum
  • Skjinmakkers yn wite pakken oan it wurk yn Boazum

Yn Boazum wurde moandei de tunen en dakgoaten frijmakke fan asbest. Himmelbedriuw Flory út Drinte set hjirfoar tsien minsken yn. Sy hawwe spesjale stofsûgers om it asbest op te sûgjen. It asbest kaam tongersdeitejûn frij by in brân yn in loads yn Boazum. Yn ferbân dêrmei moasten goed hûndert bewenners evakuearre wurde. Noch altyd binne net alle bewenners werom.

Yn it hûs fan de eigener fan de loads is asbest oantroffen en dat moat earst skjinmakke wurde. Alle minsken dy't mei ferwûnings nei it sikehûs moasten, binne wer thús.

Tiisdei is der in ynformaasjejûn foar bewenners oer de asbestbrân. Dy is yn de tsjerke fan Boazum en begjint om healwei achten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)