Himmeldei yn sintrum Dokkum

09 des 2013 - 09:37
  • De Dokkumer himmelploech yn de startblokken

Dokkumer ûndernimmers hâlde moandei in himmelaksje yn de binnenstêd. De himmeldei wurdt organisearre troch de wurkgroep binnenstêdmanagement. It konsumintebûn hat Dokkum earder útroppen ta ien fan de 25 moaiste stêden fan Nederlân, mar de binnenstêd kin wol in himmeldei brûke, sa fynt de wurkgroep.

Ferkearsbuorden wurde skjinmakke en saken dy't skeef hingje wurde wer rjochtset. De organisaasje hopet dat mei-inoar sa'n 300 ûndernimmers, ynwenners en amtners harren ynsette sille foar in skjinner Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)