Himmelaksje yn Ljouwert

12 apr 2012 - 12:09

Yn de Ljouwerter wiken Nijlân en Huzum-West ha skoalbern tongersdei op strjitte himmele. De skjinmakaksje is unyk om't der in ferskaat oan ynstellingen en organisaasjes oan meidogge. De wykpanels, gemeente, Omrin, skjinmakbedriuwen, riedsleden en learlingen fan it Piter Jelles en Bogermanbasisskoalle. Wapene mei prikstokken giene 200 frijwilligers op paad om smoargens fan strjitte op te romjen.

De groep dy't it bêste skjinmakke hat, wint in workshop graffityspuitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)