Himmelaksje op strannen

25 aug 2014 - 14:56

Stichting de Noordzee is dizze wike dwaande de Noardseestrannen op de Fryske Waadeilannen skjin te meitsjen. De wiken hjirfoar ha meiwurkers en frijwilligers de strannen fan it fêstelân ek al himmele. Doel is om minsken dúdlik te meitsjen dat se har rotsoai net samar fuortsmite moatte, omdat dat skealik is foar it miljeu.

By in selde aksje ferline jier waard goed 6500 kilo smoargens fan de strannen helle. Dit jier sit de stichting al op it dûbele. Dat komt ek omdat der folle mear minsken meihelpe om smoargens op te rêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)