Himkwekerijen ûntmantele

22 jan 2010 - 10:44

Neist de himpkwekerij yn De Fochtel dy't tongersdei leechhelle waard, hat de plysje dizze wike noch twa kwekerijen ûntmantele. Yn Bantegea is oan de Bandsloot in grutte kwekerij oprôle. Under in hynstestâl ûntduts de plysje in kwekerij mei hast 2000 planten. In 57-jierrige man út Bantegea en in 57-jierige frou út Amsterdam binne oanhâlden. De plysje wurke gear mei de nasjonale resjerzje.

Woansdei waard in himpkwekerij oprôle oan it Wiid yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)