Hillige trep yn Rome yn gebrûk

06 nov 2000 - 12:05

Pylgers yn Rome kinne de hillige trep fan de Tsjerke fan de Friezen by de Sint Pieter wer beklimme. Dat levert har net in ôflaat op lykas 400 jier lyn. Pylgers moatte de trep devoat opgean nei it byld fan Jezus dat boppe-oan de trep hinget.

Geastliken namen de restaurearre trep mei 33 triemen snein mei in fiering yn gebrûk. It jild foar de opknapbeurt is de Nederlânske bydrage oan it jubeljier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)