Hillie Veenstra net ferfolge

29 sep 2000 - 11:26

It iepenbier ministearje yn Ljouwert hat it heger berop tsjin Hillie Veenstra ynlutsen. Hja waard beskuldige fan rassistyske útspraken op in protestgearkomste tsjin it AZC yn Kollum.

De rjochtbank easke selstraf tsjin har. Dêr gie se tsjin yn heger berop, mar luts dat letter wer yn. Foar it OM reden om itselde te dwaan. It berop tsjin âldplysjeman Van der Woude bliuwt bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)