Hillen jout medalje foar Libië

15 des 2011 - 12:30

Definsje-minister Hillen sil op de fleanbasis Ljouwert tongersdei 300 militêren fan de loftmacht in werinneringsmedalje jaan. De groep wie mei seis F16's en in tankfleantuch op de loftmachtbasis fan Sardinië stasjonearre om diel te nimmen oan de NAVO-operaasje Unified Protector yn Libië.

De operaasje wie bedoeld om de befolking fan it Noard-Afrikaanske lân te beskermjen en de no-fly sône te hanthavenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)