Hillen: fleanbasis net ticht

01 mrt 2012 - 14:53
  • F-16 op de Fleanbasis Ljouwert

Minister Hillen fan definsje wol dat syn ministearje fan definsje sparre wurdt by in folgjende besunigingsoperaasje. De feilichheid yn eigen lân en yn it bûtenlân is fan grut belang. Hy giet der dan ek fan út dat de polityk dêr jild foar beskiber hâlde wol. De posysje fan de fleanbasis Ljouwert is wat Hillen betreft feilich. Hy hat gjin plannen de basis de kommende jierren te sluten.

Tongersdei makke it sintraal plan buro bekend dat it Ryk miljarden besunigje moat de kommende jierren om de begrutting sûn te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)