Hijum krijt feilige skoalle

21 okt 2002 - 00:00

Yn Hijum komt binnen in jier in nije, feilige iepenbiere basisskoalle. It hjoeddeistige ûnderkommen fan de Arjen Roelofsskoalle yn Hijum is troch de ûnderwiisynspeksje ôfkard, om't it net feilich is.

De gemeente Ljouwerteradiel lûkt 700.000 euro út foar nijbou neist de âlde skoalle. Der hoech dêrom gjin tydlik ûnderdak socht te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)