"Hierwenten wurde ûnbetelber"

16 okt 2014 - 21:55
  • In soad minsken makken beswier tsjin de hierferheging.

It betelber hâlden fan hierwenten yn Fryslân driget in grut probleem te wurden as wenningboukorporaasjes dogge wat minister Stef Blok fan Folkshúsfesting fan harren freget. Wenningboukorporaasjes moatte in saneamde ferhierdersheffing betelje oan it ryk oer de wenten dy't sy ferhiere.

It is de bedoeling dat sy dat jild werom krije troch de hieren te ferheegjen. Dêrfoar hat Elkien no net keazen. Alex Bonnema sjocht net allinnich nei Den Haach foar in oplossing. Hy ropt de polityk op om mei in brede oanpak te kommen.

Dy oanpak moat him rjochtsje op minsken dy't no al hiel krap by kas sitte. Dy groep is relatyf grut yn Fryslân. En dy brede oanpak is nedich omdat dizze minsken net allinnich hegere wenkosten foar de kiezzen krije. Foar bygelyks soarch en enerzjy moat ek al mear betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)