Hierskuorkes yn slang Dronryp

10 des 2009 - 12:34
  • Der sieten hierskuorkes yn 'e binnenslang fan 'e tankauto (foto: Jaring Rispens)

It ûngelok mei salpetersoer yn Dronryp op 6 novimber is kommen troch hierskuorkes yn de binnenslang fan 'e tankauto. Dat konkludearret de plysje nei ûndersyk. In saneamde gemyslang hat in binnen- en in bûtenslang. Troch skuorkes yn de binnenslang koe it soer troch de bûtenkant hinne komme.

Neffens eigner Friesland Campina fan it tsiisfabryk is it sertifisearre transportbedriuw út Zaandam ferantwurdlik foar it materiaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)