Hierders wurde minder faak it hûs útset

12 apr 2016 - 11:14

Wenningboukorporaasjes sette hieltyd minder faak hierders it hûs út. Yn Fryslân sjogge Accolade en Elkien ek in delgong fan it tal húsútsettings. Elkien sjocht fan 2013 ôf al in delgong. Neffens direkteur Alex Bonnema hat dat der mei te krijen dat Elkien doe begûn is mei it earder yngripen by in betellingsefterstân.

Minsken dy't de hier net betelje, wurde earst belle. Ferbetteret de situaasje net, dan geane minsken fan Elkien by de minsken del. Tegearre sykje se dan in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)