Hierders wenje faker yn te djoere hierwenningen

07 apr 2016 - 19:04

It tal húshâldens mei in leech ynkommen dat relatyf te folle hier betellet, it saneamde 'skeanwenjen', is yn Fryslân bot tanommen. Mei 'skeanwenjen' waard oant no ta benammen hierders bedoeld, dy't yn in te goedkeape hierhuzen wenje omdat se relatyf te folle fertsjinje.

Hjirmei namen dizze minsken dan wer it plak yn fan hierders mei minder ynkommen, dy't fanwegen de krapte op de huzemerk twongen waarden in hûs te hieren dat eins boppe har budzjet leit.

Opfallend is dat út de sifers dy't it CBS tongersdei publisearre, krekt bliken docht dat dizze groep ôfnommen is, wylst it tal hierders mei in te djoere wente júst tanimt.

Soarchlike ûntwikkeling

Direkteur Rudi Velthuis fan hierdersplafoarm Nieuw Elan neamt dizze ûntwikkeling soarchlik. It komt no foar dat guon hierders hast 60 persint fan har ynkommen kwyt binne oan wenning en soarchkosten, wylst dat wetlik heechút 40 persint wêze mei. Hy wurket yn gearwurking mei wenningkorporaasjes en gemeente no oan nei in oplossing.

Legere enerzjykosten

Direkteur Alex Bonnema fan wenningkorporaasje Elkien yn Ljouwert kin net ûntkenne dat de hierprizen fan nijbouhuzen hieltyd heger wurde. Troch mear isolaasjemaatregels yn besteande wenten hopet hy wol de enerzjykosten fan de hierders te ferleegjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)