Hierders oerrompele oer sloop

05 mrt 2009 - 16:25

De gemeente Eaststellingwerf hat plannen foar 230 parkearplakken yn it sintrum fan Easterwâlde. Alve huzen moatte dan sloopt wurde. Húseigeners hiene in brief krigen fan de gemeente. De bewenners fan hierhuzen moasten it út de krante fernimme en meitsje harren soargen oer de takomst.

Wenningbouferiening Actium fûn it noch net nedich de hierders yn te ljochtsjen. Mochten de plannen konkreter wurde, dan sille se better kommunisearje, sa is tasein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)