"Hierder moat profitearje fan rykdom wenningkorporaasje"

24 feb 2015 - 17:32
  • Jacques Monasch

Hierders moatte profitearje fan de bettere finansjele situaasje fan de wenningkorporaasjes. Dat seit it Snitser PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch.

Neffens minister Stef Blok fan Wenjen hawwe wenningkorporaasjes miljarden mear yn kas as earder tocht waard. De kommende jierren sille de korporaasjes nochris miljarden ekstra fertsjinje. Korporaasjes moatte dêrom neffens Monasch de kommende tiid gjin hierferhegings mear trochfiere en se moatte wenten enerzjyneutraal meitsje. Dêrtroch gean de wenkosten omdel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)