Hierder earder derút by probleem

25 aug 2004 - 16:50

Minsken dy't foar problemen soargje, moatte gauwer har hûs útsetten wurde. Dat sei boargemaster Dales fan Ljouwert tiisdei by syn besite oan de Frijheidswyk.

Dales wol mei de wenningboustifting prate om hurder op te treden tsjin wapenbesit, bedriging en it dealen fan drugs. Hy wie mei de wethâlders Sluiter en Hafkamp yn de wyk om te praten oer de problemen en de geweldsdelikten. Dales hat tasein faker del te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)