Hier doarpshûs helte djoerder

25 des 2011 - 15:02
  • Doarpshûs De Mande fan Lippenhuzen

It bestjoer fan it doarpshûs yn Lippenhuzen grypt hurd yn om sluting fan it doarpshûs foar te kommen. De kosten foar it ûnderhâld en behear fan De Mande rize de pan út. Dit jier is it tekoart oprûn oant 3000 euro. De ferwachting is dat dit bedrach yn 2012 allinnich noch mar mear wurdt. Dêrom wurdt de hier foar de ferienings mei 50 % ferhege.

Ek krijt de behearder de helte minder oeren. Tusken kryst en âld en nij giet in denktank oan de slach om mei oplossings te kommen.

It bestjoer hopet fierder dat it plan foar in multyfunksjonele akkomodaasje by de skoalle rap yngong set wurdt. It doarpshûs soe hjir dan by oanslute kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)