Hiemstra wint yn Kimswert

25 maaie 2013 - 18:00
  • Keatsen telegraaf

De haadklasse ôfdielingspartij yn Kimswert is sneon wûn troch Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Imke van der Leest. Yn de finale wie it trijetal fan de Easterein mei 5-3 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Sint Anne mei Esther Wagenaar, Lisette Wagenaar en Lilijan Kingma. De partoeren fan Wommels en Ie dielden it tredde plak.

De ôfdielingspartij yn Kimswert jildt as generale repetysje foar de bûnspartij foar froulju. Dochs hie de organisaasje mei mar fjirtjin partoeren in meager dielnimmersfjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)