Hiemstra pakt winst yn Huzum

03 aug 2014 - 17:17
  • Keatsen

Marije Hiemstra, Maaike Osinga en Margriet Bakker hawwe snein yn Huzum de haadklassekeatspartij op harren namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-6 te sterk foar Sanne Velsma, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij. Benammen Maaike Osinga spile in belangrike haadrol yn de oerwinning.

De lytse preemje wie foar Ilse Tuinenga, Imke van der Leest en Harmke Siegersma, dy't yn de heale finale tsjin Hiemstra en-dy mei 5-2 en 6-4 ferlearen.

De grutte ferrassing wie de útskeakeling fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra, dy't al yn de earste omloop ûnderút gong tsjin Elly Hofman, Pytrik Visser en Lilijan Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)