Hieltyd minder Iselmar-fiskers

30 des 2005 - 09:41

It tal Iselmar-fiskers is de lêste jierren bot werom rûn. Yn Starum binne der dit jier al trije fiskers ophâlden. Dat koe net oars, want troch alle regeljouwingen en de sanearing wurdt it hieltyd dreger om in goed stik brea te fertsjinjen in de fiskerij.

Fan de fiif Iselmar-fiskers dy't Starum begjin dit jier noch hie, binne der no noch twa. Sa dogge de bruorren Lukas en Klaas Gerrit Wolthuis nei 30 jier beropsfiskjen no oar wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)