Hieltyd mear útprosedearren

02 nov 2006 - 12:44

De groep útprosedearre asylsikers yn Ljouwert wurdt hieltyd grutter. Dit jier hat de gemeente 118.000 euro yn needhelp foar dy groep stutsen. Der wie 50.000 euro foar begrutte. It jild giet nei de stifting Respons dy't stipe jout oan minsken sûnder ferbliuwsfergunning.

De groep yllegale omswalkers wurdt hieltyd grutter troch Ryksbelied, seit wethâlder Sluiter. Se krije sûnt in skoft gjin stipe mear fan it Ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)