Hieltyd mear otters yn Fryslân

14 jan 2013 - 11:00
  • Otter

De otter hat de ôfrûne wiken op ferskate nije plakken spoaren achterlitten, lykas yn it Bûtenfjild by Feanwâlden en de Burgumermar. It dier liket him ek definityf festige te hawwen yn de Grutte Wielen by Ljouwert. Yn nasjonaal park De Alde Feanen binne op syn minst twa plakken dêr't jonge otters sitte. Fryslân liket in ideaal gebiet foar de otter.

It is no wachtsjen op de bever, dy't hieltyd tichterby komt. Hy sit al yn Flevolân en Grinslân. It Fryske Gea tinkt dat it noch twa jier duorret foar't de bever de Fryske grins oerstekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)