Hieltyd mear griene dakken

13 feb 2014 - 06:44
  • De plantsjes dy't op it dak komme
  • De tariedings foardat de begroeiïng oanlein wurde kin

De belangstelling yn Fryslân foar daktunen en dakbegroeiïng as ekologyske isolaasje fan wenhuzen en kantoaren nimt bot ta. Allinne al bij Frisia Burgum, in bedriuw dat sokke tunen oanleit, is de ferkeap mei hast 50% tanommen.

Lanlik wurdt op dit stuit sa'n 2,5 miljoen kante meter fan dizze griene dakken oanlein. Opmerklik is dat ek wenningboukorporaasje as WoonFriesland, beslute om daktunen op har nijbouprojekten oanlizze te litten. Tongersdei waard begûn mei de oanlis fan griene dakken op it Raadhuisplein yn Drachten.

De daktunen drage net allinne by oan in moaiere wenomjouwing, mar biede ek tal fan ekonomyske en ekologyske foardielen. Troch de sterk isolearjende wurking kin bygelyks op stookkosten besparre wurde. Boppedat hat de dakbegroeiïng in posityf effekt op de ferwurking fan reinwetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)