Hieltyd mear Friezen yn aksje foar de Voedselbank

09 des 2014 - 16:10
  • Samen voor de Voedselbank

Der binne tiisdei wer in soad produkten foar de aksje Samen voor de Voedselbank by Omrop Fryslân besoarge. Ek binne der yn de provinsje hieltiid mear minsken dy't aksjes organisearje.

Lykas it inisjatyf fan it Health Centre yn De Westereen. Leafhawwers kinne dêr op in nij tastel de 1665 treptreden fan de Eiffeltoer beklimme. Dermei wurdt jild ynsammele wêrfan't produkten kocht wurde foar de itensbank. Boppedat wurdt der oan besikers frege oft se sels produkten meinimme wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)