Hieltiid minder 'Keningen fan 'e greide'

20 jan 2015 - 14:11

It jier 2014 wie in min jier foar de skries. Dat docht bliken út in berekkening fan de SOVON yn opdracht fan de Fûgelbeskerming. Mei mar 4600 jonge skriezepykjes wie 2014 it minste jier sûnt 2011. Neffens de Fûgelbeskerming moatte der elk jier 10.000 skriezen bykomme om de skriezestân stabyl te hâlden.

De wichtigste reden foar it minne resultaat ferline jier is de waarme maaitiid, wêrtroch't boeren al betiid útein setten mei it meanen. Dêrby gongen in soad nêsten ferlern en waarden ek skriezepykjes deameand.

It tal skriezen nimt al tsientallen jierren ôf. Yn de jierren '60 wiene der noch sa'n 125.000 briedpearen. De fûgelbeskerming freget provinsjes dêrom om te kiezen foar kollektive gebietsplannen mei goed behear. Sa'n oanpak soe foarkomme kinne dat de skries noch fierder achterútbuorket. Yn Fryslân wurdt der al in soad oandacht jûn oan it behâlden fan de skriezepopulaasje, bygelyks mei it projekt Kening fan de Greide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)