Hielke en Sietse-dei giet oer

21 maaie 2004 - 00:00

It moast in moai feestje wurde sneon, mar it giet net troch: de Hielke en Sietse-dei yn Kameleondoarp Terherne. It gong om in wedstriid foar twalingen tusken 8 en 13 jier, dy't har ferklaaie moasten as de Kameleon-twaling.

Se moasten ûnder oare in kroade yn betwang hâlde kinne. Der hie har noch gjin inkelde twaling oanmelden. Neffens de organisaasje om't it pas trije wike lyn bekend makke wie. De organisaasje wol it letter dit jier nochris besykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)