Hiele wykein yn plysjesel

05 okt 2009 - 11:25
  • 'Wolkom yn 'e wykeinsel'

In Ljouwerter fan 22 jier hat dit wykein as earste in wykeinarranzjemint fan 'e plysje hân. Minsken dy't oppakt wurde foar geweld of oare slimme saken moatte it hiele wykein yn 'e plysjesel bliuwe. De Ljouwerter wurdt fertocht fan mishanneling fan in 27-jierrige stedsgenoat.

Yn Ljouwert en Snits is de nije regeling op proef ynfierd. Neffens advokaten is er yn striid mei de wet. Fertochten soene net langer as 15 oeren fêsthâlden wurde meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)