Hiele Waad wrâlderfguod

18 mrt 2010 - 17:56

Denemarken en Hamburg hawwe op de waadkonferinsje op Sylt yn Dútslân tasein dat ek sy op termyn de wrâlderfguodstatus oanfreegje sille.

It Deenske Waad en it stikje Waadsee by de Dútske stêd Hamburg hawwe dy status op it stuit noch net, wylst de rest fan it Waad wol wrâlderfguod is. Neffens deputearre Schokker, dy't op de konferinsje wie, soarget dat foar in soad ûndúdlikens by toeristen. Dêrtroch wie it oant no ta ek dreech om it Waad goed yn de merk te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)