Hiel Smellingerlân moat op rioel

03 sep 2001 - 00:00

Yn Smellingerlân wurde moandeitemiddei de earste perselen yn it bûtengebiet oansluten op it rioelstelsel. Dit fanwege in nije wet dy't seit dat foar it jier 2005 alle perselen, wêrby't it mooglik is, op it rioel oansluten wêze moatte.

Moandei wurdt by Koartehimmen úteinsetten mei 38 oanslutings. Mei inoar wurde yn Smellingerlân 117 perselen oansluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)